Omloop twa kompetysje
En der hoegde ik net foar te skiljen. Takom wike sil ik dat al efkes dwaan en miskien krije we dan wol fjouwer perken fol. Trije perken dus. In it earste perk keatsen Pieter Klaversma mei Sybren van der Meer tsjin Klaas de Jong en Jurriaan Hoekstra. Beide swagers koene it aardich mei inoar rede. Yn in redelik spannende pot besluten zij mei 5-5 6-4 de wedstriid in harren foardiel. In perk twa hiene we twa neikommers. Dayna de Boer keatste tegearre mei Hans de Boer tsjin de Martin Visser, Klaas van der Veen en “good old” Jan Dik Slob. Hoewol it lêste partoer mei trijen wie en Martin it foar de earste kear hielendal net min die, wiene Dayna en Hans te sterk foar harren 5-2 6-4. In it tredde perk wie de jeugd fertsjinwurdige. Jente-Wybren Muller keaste mei Jouke Bonekamp en Jurrian Tolsma tsjin Reinder Bonekamp, Wisse Arendsz en Jenny Terpstra . Ek dizze partij wie aardich in lykwicht 3-5 4-6 wêrby de winst gyng nei it partoer fan Jente.
Geplaatst op 12 May 2012